150 kuierders yn Elslo

Skiep yn 'e snie (foto Hilde Wolthuizen)
Nettsjinsteande it wat mindere waar, binne earste krystdei 150 kuierders fan start gien by de 40ste edysje fan de krystkuier by kafee 't Anker yn Elslo. De organisaasje is dêr ridlik tefreden oer.
Oare jierren kamen der mei-inoar sawat 300 dielnimmers. Der kin noch start wurde oant 1 oere ta. Yn ferbân mei de 40ste edysje is de rûte oars as oars. De tocht duorret sawat twa oeren.