Foaral noardeasten glêd

24 des 2009 - 18:03

Benammen yn it noardeasten is de kâns op izel grut yn de krystnacht en de moarn fan earste krystdei. Dêr warskôget it KNMI foar.

It begjint yn it suden fan it lân yn de rin fan tongersdeitejûn te reinen. Op oare plakken kin ek wiete snie falle. De rein en snie kinne opfrieze, wêrtroch't it glêd wurde kin. Yn it noardeasten hâldt de delslach neffens it KNMI oan oant de ein fan de moarn op earste krystdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)