Ekstra Bello's yn Easterwâlde

Der komme mear bakken foar de hûnestront yn Easterwâlde. It giet om 32 bakken, saneamde Bello's. Dermei wurdt de proef, dy't earder yn in diel fan it doarp útfierd is, útwreide.
De eigners betelje sels mei oan de útwreiding. De hûnebelesting giet mei dik 7 euro foar elke hûn omheech. De gemeenteried fan Eaststellingwerf hie hjir earder dit jier muoite mei, mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol de proef trochsette.