Krystpakket foar de minima

24 des 2009 - 14:18

Minsken dy't tongersdei in itenspakket ophelle ha by de itensbank yn Drachten krigen dêr ekstra in krystpakket by.

In soad wurknimmers komme dizze dagen mei in krystpakket thús, mar minsken dy't gjin wurk ha rinne dit mis. Om dizze minsken mei in minimaal ynkommen toch wat te stypjen binne krystpakketten beskikber steld troch bedriuwen. By dizze bedriuwen binne de krystpakketten oerbleaun en skonken oan de itensbank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)