Sjauffeurs Qbuzz tefreden

24 des 2009 - 13:52

Sjauffeurs fan busferfierder Qbuzz yn Drachten binne tefreden oer it oerlis mei de direksje dat woansdeitejûn plakfûn hat. De sjauffeurs hiene de direksje in brief stjoerd mei sa'n fyftjin knipepunten. Sa soe der gjin kommunikaasje wêze en is der fan alles mis mei de húsfesting.

Neffens foarsitter Klaas Moen fan de ûndernimmingsried hat de direksje tasein wat oan de problemen te dwaan. Der binne nije ôfspraken makke en de kommunikaasje sil ferbettere wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)