Brân wenhûs yn Ketlik
Fjouwer minsken binne woansdei by in brân yn Ketlik mei problemen mei it sykheljen nei it sikehûs brocht. Yn de garaazje fan in wenning oan de W.A. Nijenhuiswei wie brân ûntstien.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei it wenhûs. Der wie wol in soad reek- en wetterskea oan de wenning. De slachtoffers mochten nei behanneling wer nei hûs ta.