Oanhâldings yn saak borrelbus

De plysje hat de ôfrûne dagen fiif manlju út Tsjummearum oanhâlden, dy't yn de nacht fan 21 op 22 novimber de ruten fan de borrelbus ynsmieten mei stiennen. De mannen, 19 oant 21 jier, wurde fertocht fan poging ta deaslach.
By de oanslach rekke nimmen ferwûne, mar it levere wol in ûnfeilige sitewaasje op foar de passazjiers en de sjauffeur. De skea oan de bus wie 4000 euro. Connexxion wol dy skea op de dieders ferhelje.