Ljochten Werpsterhoeke út

24 des 2009 - 07:13

De ferkearsljochten by de Werpsterhoeke by Ljouwert lizze der tongersdeitemoarn op 'e nij út. De plysje warskôget it ferkear om der rekken mei te hâlden. Ek yn ferbân mei it minne waar sprekt de plysje fan in gefaarlike sitewaasje.

Neffens in wurdfierder hâldt it ferkear oant no ta goed rekken mei de sitewaasje. Earder dizze wike wiene de ferkearsljochten op it krúspunt ek al stikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)