Diken ûnder kontrôle

24 des 2009 - 06:21

De beide wettersteaten hawwe de sitewaasje op de trochgeande diken yn de provinsje tongersdeitemoarn goed ûnder kontrôle. Wol is der fannacht kondensaasje delslein op de diken. Derom is er fannacht struid. Der leit neffens Rykswettersteat en provinsjale wettersteat genoch sâlt op de diken, mar ferkear moat rekken hâlde mei pleatslike glêdens.

Beide ynstânsjes lette no foaral op it teiwetter fan de bulten snie lâns de diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)