Fergees yn de Arriva-trein

Arriva komt de dupearre reizgers yn 'e mjitte
Arriva komt de minsken yn 'e mjitte dy't te lijen hân hawwe fan it útfallen fan de treinen troch de winter. Krekt as by de NS meie abonneminthâlders nije wike tiisdei in oar fergees meinimme. En nije wike woansdei mei elkenien mei 40 persint koarting reizgje.
Reizgersferiening Rover is bliid mei de aksje fan Arriva en NS. Arriva ferwachtet dat tongersdei de treinen oeral wer normaal neffens skema ride sille.