Langwarder Wielen gau útdjipje
Skarsterlân wol de Langwarder Wielen sa gau mooglik útdjipje. Ut ûndersyk docht neffens de gemeente bliken dat der net mear weagen komme. Dêr wie de wettersportferiening benaud foar.
De feriening wie bang dat troch golfslach har nije steiger skea oprinne soe. De gemeente wol gau baggerje. Dêr komt sa'n 700.000 kubike meter sân frij.