Johnny Tuinstra net op it iis

23 des 2009 - 14:43

De akku fan iisspeedkoereur Johnny Tuinstra is leech. De 39-jierrige Tsjummearumer soe begjinne oan syn tsiende seizoen, mar op trainingskamp yn Sweden wie it goede gefoel der net.

De drokte as selsstannich kraanmasinist, de oanskaf fan in oare speedwaybus, de fiere reizen, alles friet in protte enerzy. Safolle dat Tuinstra, de lêste jierren altyd in fêste rider op de searje wedstriden foar it wrâldkampioenskip, dit seizoen net yn aksje komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)