Medisinen ferlern yn Snits

23 des 2009 - 11:49

In ynwenner fan Snits hat tiisdei medisinen ferlern by de Poiesz supermerk oan de Singel. De medisinen kinne skealik wêze wannear't se ynnaam wurde, benammen troch bern. It giet om 30 tabletten Symoron, 31 tabletten Zyprexa en 60 pillen fan it medisyn Diazepam.

Wa't de medisinen fynt, kin dy ynleverje by de gemeente, de plysje, in apteker of in húsdokter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)