Florijn bêste bestjoerder

23 des 2009 - 11:17

Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert is keazen as bêste bestjoerder fan Nederlân. Dat stiet yn Binnenlands Bestuur. It giet om in politikus dy't it measte doart, ynnovatyf is, net benaud en mei súkses de burokrasy oanpakt.

Neffens it blêd spilet Florijn (PvdA) fernijend en alert yn op de krisis, makket er goed gebrûk fan nije media en wit sa minsken te binen en by elkoar te bringen. Ek belûkt er de amtners dêr by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)