Gemeenten litte brieven lizze

Gemeenten geane min om mei fragen dy't mei in brief binnen komme. Dat docht bliken út in lanlike stekproef. Der binne 683 brieven nei 60 ferskate gemeenten stjoerd. Dêr wie Ljouwert ek by. Op 123 brieven kaam hielendal gjin antwurd. Dat is ien op de fiif. Ek by Ljouwert gie it mis. De gemeente krige alve brieven en twa dêrfan waarden net beantwurde.
It ûndersyksburo hie de brieven ferstjoerd út namme fan proefpersoanen dy't yn de gemeente sels wenje.