Twa himpkwekerijen oprôle

23 des 2009 - 10:01

De plysje hat twa hennepkwekerijen oprôle. Oan de Canterlandsewei yn Miedum binne tiisdei hast 800 planten yn beslach naam. Moandei binne yn in hûs yn Haulerwyk goed 100 planten yn beslach naam. De bewenner (58) fan it hûs is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De kwekerij yn Miedum siet yn in âld bedriuwsgebou. De plysje docht ûndersyk nei de hierder fan it gebou.

De plysje kaam beide kwekerijen op it spoar fia in anonime tip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)