Diken goed te beriden

23 des 2009 - 06:57

De trochgeande diken yn de provinsje binne woansdeitemoarn goed te beriden. Ek de bussen fan QBuzz en Connexxion ride wer neffens skema. Rykswettersteat en provinsjale wettersteat ha wol lêst hân fan de nachtfroast en kondensaasje op de diken, mar hawwe op 'e tiid maatregels naam troch sâlt te struien.

Neffens de beide wettersteaten leit der no genoch sâlt op de diken, mar moatte automobilisten rekken hâlde bliuwe mei pleatslike glêdens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)