Ek fjirde rendier deasketten

22 des 2009 - 20:56
  • Ek fjirde rendier deasketten. Foto RTV Drenthe

De plysje hat tiisdei de lêste fan fjouwer rendieren deasketten dy't sneontejûn by Fryske Peallen de autodyk A7 opdraafd wiene. De bisten wiene sneon oan de ein fan 'e middei ûntsnapt by in hobbyboer yn Grinslân. It slagge de plysje yn earste ynstânsje om de bisten te fangen, mar se naaiden opnij út.

Dêrnei binne der deselde jûn al twa deasketten. In dei letter is de tredde sketten en no de lêste. Dat gebeurde by it Drintse Dieverbrug.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)