Kruidhof hopet op jild fan 3FM

De botanyske tún De Kruidhof hopet op 100.000 euro fan de aksje tsjin malaria fan 3FM. De radiostjoerder besiket mei de bekende glêzen hûs aksje yn Grins in soad jild op te heljen tsjin de sykte.
De Kruidhof is belutsen by it ûndersyk en it yn de praktyk bringen fan in anty-malaria medisyn út in plantsje: de Artemisia annua. Dêrfoar moat in apparaat makke wurde om it guod dat helpt tsjin malaria der út te heljen en dêr moat in proef mei útfierd wurde.