SC Hearrenfean klear foar PSV

22 des 2009 - 18:32

Woansdei om kertier foar njoggenen begjint yn it Abe Lenstra stadion de bekerwedstriid tusken de Sportklup Hearrenfean en PSV. Teminsten as it trochgean kin. Dêroer wurdt woansdeitemoarn om njoggen oere troch it fuotbalbûn KNVB, nei oerlis mei Hearrenfean, in beslút naam.

It dikke pak snie op it dak fan de súdtribune kin wol ris spulbrekker wêze. As dy grutte platen snie nei ûnderen falle is dat gefaarlik foar publyk en spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)