Tastân trochgeande diken goed

22 des 2009 - 16:07
  • Auto's moatte noch wol oppasse

De trochgeande diken yn de provinsje binne tiisdeitemiddei allegear goed te beriden. It hat middeis noch wol even snijd, mar dy snie wie al gau wer fuort. Rykswettersteat wie om twa oere hinne wer begûn te struien om foar te kommen dat it wer glêd wurdt.

Alhoewol't de trochgeande diken der dus goed bylizze, moat it ferkear wol alert bliuwe. Der kin altyd wer snie oer de dyk stowe en soargje foar glêde stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)