Proef mei kij yn kleurd ljocht

22 des 2009 - 16:01
  • Kij yn it giele ljocht
  • .... en yn it pears

Op proefbuorkerij Nij Bosma Zathe ûnder Ljouwert steane de kij yn kleurd ljocht. Mei dy proef wolle se ûndersykje hokker kleur it posityfste effekt hat op it gedrach en de produksje fan de kij. De winterdei wurdt ferlingd mei ekstra ljocht yn read, blau, giel of mingde kleuren.

Ut acht jier ûndersyk nei ljocht yn de stâl docht bliken dat it in posityf effekt hat op molkproduksje en wolwêzen fan kij. Mar noch nea earder is sjoen nei it effekt fan ljochtkleur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)