Min waar foar thússoarch

22 des 2009 - 15:29

De omstannichheden binne bytiden striemin, mar de meiwurkers fan 'e thússoarch sette troch. Ier en betiid geane se troch de snie by de doarren del om minsken fan 't bêd te heljen en oan te klaaien.

Yn hiel gefaarlike situaasjes nimme de kollega's fan de thússoarch tsjinsten fan elkoar oer sadat elke meiwurker sa ticht mooglik by syn of har wenplak de minsken fersoargje kin. Krekt yn dizze tiid fine in soad meiwurkers har wurk tige belangryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)