Gjin fertraging by NHL

22 des 2009 - 11:28

De grutte ferhúsoperaasje fan de NHL hegeskoalle rint amper fertraging op troch it waar. De nijbou oan de Rengerslaan yn Ljouwert moat 4 jannewaris ynrjochte wêze want dan begjinne de kolleezjes wer. Dat slagget nei alle gedachten wol.

It guod fan ferskillende lokaasjes yn de stêd moatte nei it nije gebou brocht wurde en dat smyt benammen oan de Tesselschadestrjitte problemen op. De frachtweinen kinne troch de glêdens it terrein net goed opkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)