Rêstige moarnsspits

22 des 2009 - 10:14
  • Noch wol rekken hâlde mei glêdens

De moarnsspits is tiisdei neffens de plysje Fryslân hiel rêstich ferrûn. De diken wiene ridlik te beriden en der wie mar in lyts bytsje ferkear. Dat hat alles te krijen mei de krystfakânsje. Der hawwe ôfrûne nacht noch wol trije ûngelokken west. Dêrby gie it allinnich om blikskea.

Minsken dy't de dyk opgean wurde noch hieltyd warskôge om rekken te hâlden mei glêdens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)