Yllegaal fjoerwurk fûn

2700 nitraatbommen yn Harns fûn (argyffoto)
De plysje hat yn in pân oan de Lorentzkade yn Ljouwert yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. De plysjes kamen it guod op it spoar troch in anonime tip. Yn it wengedielte fan it gebou waard 141 kilo fjoerwurk fûn. It sil ferneatige wurde. In 31-jierrige man út Ljouwert krige proses-ferbaal.
Yn Harns waard nei in anonime tip 113 kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn in sliepkeamer oan de Loggerstrjitte. It gie om 2700 nitraatbommen. In 18-jierrige jonge is oppakt.