Frisia drok mei struisâlt

Frisia Sâlt út Harns hat it mei dit winterwaar drok mei de produksje fan struisâlt. Eltse dei wurde der tonnen sâlt op 'e diken struit. Mar de grutte fraach komt net allinne fan de organisaasjes dy't de diken sniefrij meitsje. Ek de detailhannel docht in berop op it sâltfabryk, want de sekjes fan 25 kilo struisâlt fleane de winkels út.
Frisia kin de ekstra fraach goed oan, der leit genoch sâlt yn opslach en de rest wurdt oanfierd út Dútslân.