Ferkear Wommels ûnfeilich

21 des 2009 - 16:05

Fuotgongers, fytsers en automobilisten fiele harren faak ûnfeilich yn it sintrum fan Wommels. Dat is de wichtichste útkomst fan in enkête dy't de gemeente Littenseradiel hâlden hat.

It ynstellen fan in parkearferbod foar de supermerk en it tsjinhâlden fan frachtweinen yn it sintrum soene oplossingen fan de problemen wêze kinne, sizze de ynwenners. Al in pear jier hat Wommels ferkearsproblemen. De gemeente Littenseradiel wurket oan in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)