Bruinsma wint belslydjeien

21 des 2009 - 16:01

Wol tûzen minsken wisten moandeitemiddei it paad te finen nei Harich. Der waard in wedstriid belslydjeien hâlden. Yn in prachtige winterske omjouwing diene tweintich kombinaasjes oan de wedstriid mei.

In unyk barren, want neffens de organisaasje is it wol 60 jier lyn dat der yn Gaasterlân foar it lêst sa'n wedstriid hâlden waard. Watte Bruinsma fan Rotstergaast wie mei hynder Hessel moandei de rapste en hy hie neffens de sjuery ek de moaiste kombinaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)