Maria Sterk wint yn Noardlaren

Maria Sterk (linksachter)
Maria Sterk fan Hallum hat moandei de maraton op natoeriis yn it Grinslanner Noardlaren wûn. Yn de finale nei goed fjirtich minuten rekkene se yn de einsprint ôf mei Erna Kijk in de Vegte. Dizze twa rydsters hiene in rûntsje foarsprong op it peloton. Daniëlle Bekkering wûn de sprint fan it peloton en waard tredde.
By de manlju wûn Jan Maarten Heideman foar Jan van Oostrom en Cees Juffermans.