Diken wer goed begeanber

21 des 2009 - 14:15

De grutste problemen foar it ferkear troch it winterwaar binne foarby. Moandeitemoarn betiid hie it ferkear noch aardich lêst fan de snie dy't yn de nacht fan snein op moandei fallen wie. Yntusken binne de diken wer ridlik begeanber. De op- en ôfritten fan diken binne noch wol hieltiid behoarlik glêd. Troch de glêdens ha der ek aardich wat oanridingen en ûngelokken west. Meastentiids mei foaral blikskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)