Snie kostet de teaters jild

21 des 2009 - 11:55

De snie hat finansjele gefolgen foar restaurants, musea en teaters. Troch it minne waar doare minsken de dyk net op en belje harren reservearrings ôf of komme gewoan net opdagen.

Foar in soad teaters betsjutte it de ôfrûne dagen dat se sels de stekker út guon foarstellings lûke moasten. In tsjinfaller foar de teaters, mar ek foar teaterselskippen as Tryater, want dy hoopje yn de krystfakânsje op in soad minsken. Ferskate foarstellings fan Tryater giene net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)