Koart pleit oer plysje-aksje

29 mrt 2012 - 22:33

It korpsbehear fan de plysje Fryslân spant in koart pleit oan tsjin de plysjefakbûnen. Dy hâlde op snein 1 april in spesjale ledebyienkomst. Dêrtroch is der net genôch plysje beskikber foar de wedstryd SC Cambuur-FC Zwolle.

Petearen mei de bûnen hawwe neffens it korpsbehear gjin garânsje opsmiten dat der wol genôch plysje is. It korpsbehear hopet dy troch tuskenkomst fan de rjochter wol te krijen. Dy rjochter ferbea earder aksjes by de wedstriid Go Ahead Eagles tsjin Den Bosch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)