OneTrickPony wint Pop Award

21 des 2009 - 11:46

De Warkumer singer-songwriter OneTrickPony hat de Fryske Talinten Pop Award wûn. OneTrickPony is de artystenamme fan Anne-Fleur Kan. Se moast it opnimme tsjin trije oare talinten. De Warkumse stie ferline jier op it poadium fan Lowlands.

Neffens de sjuery hat se in krêftige, bysûndere stim. Boppedat is se orizjineel en hat se humor. De priis bestiet út in sjek fan 500 euro. Anne-Fleur wol it jild brûke om muzykynstruminten te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)