Gefaarlik rydgedrach Wierumer

21 des 2009 - 11:44

In 20-jierrige ynwenner fan Wierum hat sneintemiddei in proses-ferbaal krigen, omdat er yn Ternaard gefaarlik oan it riden wie. De man ried yn syn auto troch de Van Harinxmastrjitte en hie dêr in trekkerbân achter bûn. Op de bân sieten twa jonges. Doe't de auto troch in bocht ried, glied de bân tsjin in parkearde auto oan.

Dizze auto rekke dêrtroch skansearre. Ien fan de jonges dy't op de trekkerbân siet, rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)