Direkteur Eurotransport fuort

21 des 2009 - 10:49

De direkteur fan transportbedriuw Koster Eurotransport yn Wolvegea stapt op. Oanlieding is in ferskil fan ynsjoch mei de oandielhâlders oer it belied fan it bedriuw. It fuortgean fan direkteur Einte Faber is besletten yn oerlis mei de direkteur sels, de oandielhâlders en de ried fan kommissarissen. Conrad Leegstra fan Sleat is oansteld as ynterim manager.

De 25 personielsleden binne op 'e hichte brocht fan it fuortgean fan Faber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)