Ferkearsljochten stikken

Monteur dwaande by de stopljochten fan 'e Werpsterhoeke
De ferkearsljochten by de Werpsterhoeke diene it moandeitemoarn net. De ljochten stean in pear kilometer súdlik fan Ljouwert op de krusing fan de A32 en de Wâldwei.
De ljochten by Suderbuorren diene it ek net. Ferkear dat oer de Drachtsterbrêge Ljouwert yn of út woe siet dêrtroch folslein fêst. Op oare plakken yn de stêd wiene ek problemen mei de ferkearsljochten.