Mei in spultsje de sloep yn

Boateferhierbedriuw Ottenhome yn Heech wol mei help fan in kompjûterspultsje mear klanten lûke. It bedriuw wol mei it spultsje sjen litte dat farre yn Fryslân net allinnich mar yngewikkeld is, mar foaral hiel leuk.
Yn it spultsje moatte minsken mei in sloep sa fluch mooglik troch in gebiet hinne farre. Underweis moatte se minsken oppikke. Der binne trije nivo's: de stêd, de Fryske marren en de Fryske Wâlden.
It spultsje stiet op de webside fan it bedriuw.