Molkriders langer op paad

Nettsjinsteande alle warskôgings om net de dyk op te gean, binne der ek minsken dy't de dyk wol op moatte. Lykas de molkriders, want de boeren wolle fansels de molke kwyt. Tsjisse Pijl fan Wergea stapte sneintemoarn gewoan yn syn tankauto en gie de smelle dykjes fol snie op.
Troch it waar wie Pijl sa'n fjouwer kear langer ûnderweis as gewoan. Nei seis adressen siet de tank fol mei 35 ton molke en dêrmei gie er nei it suvelfabryk yn Dronryp.