Frachtauto yn middenberm A7

20 des 2009 - 12:14

In frachtautokombinaasje dy't op de glêde autodyk A7 yn in slip rekke, stiet stil yn 'e middenberm fan 'e A7 flakby it knooppunt Surch. Ferkear dat hjir lâns moat wurdt advisearre om stadich te riden. Oar ferkear kin der wol del, mar rydt foaral net te hurd.

Rykswettersteat en provinsjale wettersteat hawwe it bysûnder drok mei it skjinhâlden fan de autodiken. Provinsjale wettersteat hat sa'n 70 ploegen op 'e dyk, Rykswettersteat 50 ploegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)