KNMI komt mei waaralaarm

It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút KNMI hat snein even nei healwei alven in waarmalaarm ôfjûn. It KNMI docht dat omdat it yn in grut part fan Nederlân matich oant swier snijt. Boppedat stiet der in soad wyn en is der sniejacht. De oerlêst en de snie sille oant yn 'e middei oanhâlde, sa ferklearret it KNMI.
It KNMI krige earder dizze wike stevige krityk fan ûnder oare Joop Atsma, omdat der tongersdei gjin waaralaarm ôfjûn waard.