Soad krystkonserten skrast

20 des 2009 - 10:36

Fanwege de sniefal binne in soad krystkonserten skrast. Rûnom yn Fryslân geane konserten en oare eveneminten net troch. It reizgjen yn Fryslân is dreech fanwege de sniebuien. Der is hast gjin iepenbier ferfier en ek autoride is lestich.

Saken dy't net trochgeane binne ûnder oare it krystkonsert fan Apollo Foarút yn De Pein, it krystkonsert fan koaren en korpsen yn de Johannestsjerke fan Easthim en it krystkonsert fan de Grutte Cantorij fan Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)