Aris wint fan Amsterdam

20 des 2009 - 09:53
  • Topskutter Darryl Monroe

De Friesland Aris hat sneontejûn mei 93-77 fan Amsterdam wûn. Yn sporthal It Kealledykje wiene de Ljouwerter basketballers trije kwarten lang net de baas op de eigen sporthalflier. Mei noch ien kwart te gean stie Amsterdam op foarsprong: 61-54.

Yn it lêste kwart dindere Aris oer Amsterdam hinne: 39-16. Darryl Monroe mei 30 en Craig Moore mei 22 punten wiene tûk oan Ljouwerter kant. Aris hat no njoggen wedstriden wûn en acht ferlern, goed foar it fiifde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)