Plysje sjit rendieren op 'e A7

20 des 2009 - 09:41

De plysje hat sneontejûn twa rendieren deasketten dy't by Fryske Peallen autodyk A7 op draafd wiene. Twa oare rendieren binne noch op 'e rin.

De fjouwer rendieren wiene sneon oan de ein fan 'e middei ûntsnapt fan it hiem fan in hobbyboer, dy't de bisten noch mar krekt ien dei hie. It slagge de plysje yn earste ynstânsje om de bisten te fangen, mar se naaiden op 'e nij út. De plysje hat de A7 dêrop ôfsletten en twa rendieren delsketten. Ien fan 'e bisten is sjoen yn Mearum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)