Gjin bussen, hast gjin treinen

20 des 2009 - 08:36

De bussen fan ferfiersbedriuw Connexxion ride fanwege de sniebuien op it stuit net. De bussen fan ferfiersbedriuw Qbuzz ride de hiele dei net yn Súdeast-Fryslân, Grinslân en Drinte.

Arriva hat de treintsjinsten nei Starum en Harns stillein fanwege beferzen wiksels. De trein nei Grins rydt noch wol mar minder faak. De NS besiket om sa út en troch in trein nei Swolle ride te litten, mar dat falt net ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)