Oerlêst troch snie en wyn

20 des 2009 - 08:20

Der hawwe sneintemoarn foar njoggenen tolve ûngelokken yn de provinsje west troch de snie. Dat meldt plysjewurdfierder Wouter de Vries. Yn Drachten rekke ien persoan ferwûne.

Auto's fan ryks- en provinsjale wettersteat binne dwaande de snie fan de dyk te skowen. Der binne fral problemen op de krusings fan diken. Der komme sniedunen te lizzen troch de hurde wyn. Minsken wurdt oanret om thús te bliuwen as se net perfoarst de doar út moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)