Flyers winne fan Tilburch

Flyers winne fan Trappers (argyffoto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha sneon mei 4-2 wûn fan de Tilburch Trappers. Nei de earste perioade stie Tilburch mei 0-1 foar, yn de twadde perioade kamen de Flyers op 2-2. De tredde perioade koenen de Feansters de trije punten oer de streek helje troch treffers fan Gordon en Vincent.
De bêste fjouwer ploegen geane nei de play-offs. De Flyers steane no twadde, achter Nijmegen. Tilburch is fjirde op fiif punten fan de Hajé Flyers.