Rendieren rinne los op 'e A7

Der wie sneontemiddei opûnthâld op de A7 by Fryske Peallen. De oarsaak wie apart mar paste ek wol yn dizze tiid foar de krystdagen mei in tsjok pak snie: dêr wiene trije oant fjouwer rendieren ûntsnapt en dy rûnen in skoftke oer de middenberm en dat feroarsake files fan in pear kilometer.
De rendieren binne fan in hobbyboer. De plysje hat de bisten fan de dyk krigen troch se oer it stek fan dy boer syn hiem te jeien.