Ankelblessuere foar Ireen Wüst

19 des 2009 - 15:59

Reedrydster Ireen Wüst is freed ûnder de training blessearre rekke oan har ankel. Wüst foel en prikte sels mei har iene reed yn de ankel fan de oare foet. De wûne waard mei fjouwer hechtings tichtmakke.

De skea falt neffens trainer Gerard Kemkers wol ta. Wüst bleau sneon by trainingswedstriden yn Thialf út foarsoarch oan de kant, mar sil moandei wol wer it iis op. De tarieding op it Olympysk kwalifikaasje toernoai komt net yn gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)