Manlju mishannelje famke (17)

19 des 2009 - 14:20

In 17-jierrich famke út Snits is freedtenacht troch twa ûnbekende mannen mishannele. It famke wie yn in diskoteek oan de Lytse Tsjerkestrjitte, doe't de twa har sûnder oanlieding beetpakten en har klappen yn it gesicht joegen.

De portier wist de beide manlju earst oan te hâlden, mar it duo wist efkes letter te ûntkommen. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)